Ga naar inhoud

Pier21 - Krijst der safolle foar werom

Dit evenement heeft al plaatsgevonden

Theater Sneek, Sneek

In tragikomeedzje fan Pier21 oer in spytmem, winskâlden en grutbringe

Neem alvast een kijkje

Fan oktober ôf reizget Pier21 mei de nije foarstelling Krijst der safolle foar werom!? troch hiel Fryslân. Oer it wichtige tema spytmem, winskâlden en grutbringe. Under regy fan Mara van Vlijmen en tekst fan Ali Zijlstra spylje Anna Raadsveld en Benno Veenstra broer en sus dy ’t in nachtlike konfrontaasje mei-inoar oangean oer bernewinsken, spytmemmen en âlderskip.

It is trije dagen foar kryst. Elkenien is drok dwaande mei tariedingen foar de feestdagen. Dit jier is it ekstra spannend want: Frank makket spesjaal foar it doarp in krystmusical mei jonge bern. De repetysjes binne yn folle gong. Yn alle hektyk ûntdekt Djoeke, syn suster, dat se opnij yn ferwachting is.

Dêr skrikt se enoarm fan en se kin net langer fuortdrukke wat se eins al hiel lang fielt: se wol gjin mem wêze. Frank dêrfoaroer wol neat leaver as tegearre mei syn man âlders wurde. Wat folget is in lange nacht (yn it dekôr fan de krystmusical foar bern) dêr ’t harren tsjinstelde (berne)winsken yn botse: Harren ideeën oer harren eigen âlden en jeugd en oer wat it betsjut om sels âlder te wêzen.

Wanneer:
t/m 12 december
Prijsinformatie:
Vanaf € 24,50
Afstand tot jouw locatie:

Hier vind je Pier21 - Krijst der safolle foar werom
Theater Sneek

Westersingel 28
8601 GR Sneek
Plan je route

vanaf jouw locatie

Toon resultaten

Zoek & boek

Reisgezelschap

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief.

Ontvang tips, inspiratie, de Uitagenda en last minutes van VVV Waterland van Friesland.

Inschrijven