Westermar Toaniel spilet: 'Ik belje de ridende rjochter wol’ fan Nico Torrenga, Fryske oersetting fan Griet Reitsma-de Jong
Joure
Nei mear dan 40 jier Westermar Toaniel wer op 'e planken mei in Fryske klucht, werby it publyk laitsje en genietsje kin! Net stinne, mar hinne!
Neem alvast een kijkje
Yn it doarp is it fiere fan freedsum wenjen, neffens Henk en Fimke Poort. De mieningen binne yntusken sa ferdield dat de slepende rûzje mei harren buorlju allinne noch oplost wurde kin troch Mr. Broekmans fan it tillefyzjeprogramma ‘De Rjochtfeardige Rjochter’. Noch foardat de kamera’s ynstallearre binne, lizze de buorlju de rûzje by. Einlings alles wer by it âlde soest sizze, mar neat is minder wier. Beide partijen hawwe in kontrakt tekene en om in flinke boete foar kontraktbreuk foar te kommen beslute de buorlju in plan om de opnamen gewoan trochgean te litten. Wat se lykwols net witte, is dat de opnameploech ek in probleem hat. En as oerbuorfrou Tamara konfrontearre wurdt mei in grut geheim út har ferline is de ramp net te oersjen. Binne de opnamen noch te rêden? En bliuwt Tamara har geheim ferburgen foar de roddeljende froulju yn it doarp?
Master Broekmans docht hoe dan ek útspraak en giet derfan út dat dêrmei de rêst weromkomme sil. Mar oft dat ek sa is?
Hier vind je Westermar Toaniel spilet: 'Ik belje de ridende rjochter wol’ fan Nico Torrenga, Fryske oersetting fan Griet Reitsma-de Jong
Party- en Zalencentrum 't HaskeVegelinsweg 20
8501 BA Joure Plan je route
vanaf jouw locatie