IISBAAN YN ‘E MAAITIID de besiele stilte fan it ferlitten hillichdom it is maaitiid mar bûten de tiid briedt it fersûpte gers mei nij grien de tút fan bestimming deryn yn it sin bringer fan it streekjen it frij fielen ûnierdsk njonken it knoffeljen it minsklik mislearjen ah jasses hakkekruk dreamt fan iisprinsesse yn in nije winter tute as by in âlde hit de wrâld in dûnsflier dy kâldreade blommewangen ûnder har mûtse fan suvere ingelewol wei te plôkjen de tút de dream oer de tút de tút fan de dream oer de tút hakkekruk knoffelet troch de hope op de tút fan de dream oer de tút waard in wynwak drûget op, lit de feiten sprekke: ferlitten timpel, dea iis gjin prinsesse by machte
OUROND pas nei it griene börd wêrt ik in geef gedicht op lês wyt ik, hiest tot för kört förbij in trepke en it gers genôch foar jong en âld om förtst it wytst wer furt te ranen wurdt alles minder kâld dan hast dy dêrby del te jaan t is goed, dit gasterlân san dichter hoecht nit op te jutten aanst lis ik bij it strân k he lauwer toch gin kâlde futten
ÛNDERWRÂLD moarn draach ik de bernespultsjes, sjuery foar fersierde weinen, bûn fan jonge feinten, de man dy’t stroffelet oer de grins tusken dronken nacht en matinee de band mei jierren-80-hits, froulju dy’t as frije fammen út it sicht fan manlju dûnsje oant stilte ûnferwacht nei middernacht wreed de betsjoening brekt ik dimp it roppen, razen, garje glês en flessen, draach it doarpsfeest trije dagen oant fantoomfoarm kantich giel neitiid oantsjut wêr’t op myn fjild de tinte stie krekt dan wit ik yn my in stille wrâld as skielk mei kâlde hân winter boppe my it wetter huverjend ta stilstân set, in souderflier fan iis oer my hinne leit fan grien nei brún myn gers rustkje mei yn rêst, myn oerflak wurdt ta ûnderwrâld, ik my ta sliepen lis en mins en feest ferjit, troch myn dream it lûd fan izers sjit