‘Klinke en daverje!’ Oer pop(ulêre)-muzyk yn Fryslân
Sneek
Beart Oosterhaven fertelt oer pop(ulêre)-muzyk yn Fryslân yn respektivelik de 17de, de 20ste en ’e 21ste iuw
Hier schon mal ein Vorgeschmack
Preludearjend op syn dizze hjerst en winter foar Omrop Fryslân te meitsjen rige radio-items en podcasts ‘It sulv’ren wetter’, oer de skiednis fan ’e klassike muzyk yn en út Fryslân, giet gearstaller Beart Oosterhaven alderearst yn op ’e populêre muzyk fan ’e 17de iuw. Dat docht er oan ’e hân fan it wurk fan ’e dichters Jan Janss. Starter (1593-1626) en Gysbert Japix (1603-1666). Mar hy stiet ek wiidweidich stil by de persoan, it libben en it wurk fan ’e wichtichste ‘Fryske’ komponist út ’e 17de iuw: Jaques Vredeman (1558-1621). Yn it twadde part fan syn lêzing hat Oosterhaven it oer de skiednis en ûntjouwing fan ’e pop(ulêre)-muzyk yn Fryslân yn ’e 20ste en 21ste iuw (ús tiid dus) en wiist er op ’e nijsgjirrige ferbannen tusken de muzyk út ’e trije iuwen dy’t er behannele hat. Alles wurdt ‘yllustrearre’ mei muzykfoarbylden-fan-cd út ’e oanbelangjende tiden. Beart Oosterhaven (Hitsum 1956) wurke yn it ûnderwijs en ’e learmiddelûntwikkeling en wie dêrnei oant maart 2020 yn tsjinst fan ’e Fryske Akademy as taalkundige, wittenskiplik redakteur en musikograaf. Fan 1989 ôf wie er dêrnjonken as muzykredakteur ferbûn oan efterinoar de tydskriften Frysk en Frij, Hjir en Ensafh / www.ensafh.nl en ’e fjouwerdielige Nieuwe Encyclopedie van Fryslân (2016). Sûnt de njoggentiger jierren fan ’e foarige iuw makket er geregeldwei muzykprogramma’s en podcasts foar Omrop Fryslân. Fan 2000 oant en mei 2006 en yn 2012 wie er foarsitter fan ’e faksjuerys fan ’e festivals Liet en Liet International. As dichter publisearre er trije bondels. Yn ’e lêste dêrfan, Koarde fan ’e tiid (2017), binne ek Fryske oersettings fan lietteksten fan û.o. Leonard Cohen, Tony Joe White en ferskate bluesartysten opnommen. Audio-ferzjes fan ’e bluesnûmers binne tehearren op it cd-album Rau, blau en gau. Live Blues In Frisian, dat Beart Oosterhaven yn 2001 makkemei de band Chickens Go Mad. It elpee- en cd-album Suver as de blues. Alve kear Leonard Cohen yn itFrysk, dêr’t Beart Oosterhaven de Fryske oersettings foar makke en ’e útfierende groepen en solistenfoar útsocht hat, leit by platemaatskippij Universe Productions yn Ljouwert klear om útbrocht tewurden.
Hier finden Sie ‘Klinke en daverje!’ Oer pop(ulêre)-muzyk yn Fryslân
Bibliotheek SneekWijde Noorderhorne 1
8601 EA Sneek Route planen
vanaf jouw locatie