Ja, want ek dizze T-spitsing bestiet út wetter! En it hûs oan de rjochter hân, mei it izeren stek deromhinne is yn dizze tiid in stôkâld wenhús mei in winkel dat omringe is mei fearten. Al die fearten hawwe ek allegearre wer fertakkings. En ek hjirre giet al it ferkear oer it wetter. Wat in stoatersk plakje om te wenjen midden op dit knooppunt! Terherne as Lyts Venetie. It âlde klintsje mei winkel op dizze hoeke baarnt ôf yn 1920. Dêrnei wurdt dit wenhûs bouwd.
Kom we stekke oer, nei de tsjerke op’e oare kant, de Fermanje.
We geane werom nei 1870, de tiid wêryn de goeddogger Dornseiffen preket. Yn Terherne is gjin grutte tsjerkestiid. De beide dûmny’s fan beide tsjerken wurkje goed meielkoar op. Links sjogge je de tinkstien stean, dy’t postuum yn 1922 troch de mienskippelike Fryske Skippers oprjochte is foar Dûmny Dornseiffen. Hy kriget dit as wurdearring foar it oprjochtsjen fan it skoalfûns foar skippersbern, wêr’t ik dy earder oer fertelde.
Okee, we geane wer fierder. Stek de dyk mar wer oer en rin by de supermerk del op nei de brêge. We komme hjir troch in stikje ‘Buorren’. It is hjir sterk feroare. Do witst sa linkendewei al dat Terherne as lyts Venetie is yn dizze tiid. Tusken dizze âlde húskes, links en rjochts fan ús, sjochst lytse smelle steechjes. De steechjes binne en wiene âlder dan de húskes dy’t bouwd binne. Alle steechjes rûnen nei it wetter. As der yn dy tiid drones west hiene, soest prachtige bylden sjen fan lytse postsegeltsjes grûn, omfieme mei wetter. Mei oan it wetter lytse húskes. Ho ris , we stopje eefkes krekt foar de pizzeria. It Pân mei de giele stienen en it griene haachje. Sjoch hjir marris om dy hinne. Dizze buorren, it sintrum fan it doarp is pas nei 1876 ûntstien. It begong mei in hiel smel dykje wêr’t noch gjin auto del koe. Der moasten ferskate húzen fuortbrutsen wurde om in strjitsje oanlizze te kinnen.
As we foar de pizzaria rjochts de gloppe yn rinne, sjogge we oan it ein it húske wêr’t ‘Ferhoalen Herntsje’, oftewol ‘Verborgen Hoekje’ stiet. Der stiet hjir in groepke mei lytse en âlde húskes. Hjir wennen allegearre skippers. We rinne werom nei de dyk en geane fierder nei de brêge. By de bankjes neist de brêge, stiet it folgjende pealtsje.
Dat horeka yn Terherne altyd al in grutte rol spile hat, bewiist it ferhaal dat ik dy no fertelle sil. We weagje wer in sprong, no nei 1882. Café Zevenwouden is der allang en is no fan heit Rypkema. It Is ek de tiid dat it Far dimpt wurdt en Rypkema stiet foar de kar wa fan beide soannen de kroech oernimme sil. Der is spul en se komme der ûnderling net út. It kafee moat feilt wurde en de beide broers biede flink tsjin elkoar op. De iene broer lûkt oan it koartste ein en keapet in pân oan de oare kant fan it doarp by de brêge. Hy brekt it ôf en lit in nije herberch bouwe. Grutter en op in drokker plak as dat fan syn broer mei it Café Zevenwouden. In de 21ste ieuw hjit it de Gouden Leeuw. De konkurrinsjestriid liedt derta dat de broer mei Café Zevenwouden fallyt gean sil en it wer ferkocht wurde moat. Dochs sil de kroech syn namme hâlde, yn elts gefal oant yn de 21ste ieuw.
Oké, we stappe wer werom nei de hjoeddeistige tiid.
En we gean wer fierder. Al fynt it ferhaal oer de horeka en de kroegen fan Terherne noch net syn ein. Want watst miskien net witst is dat der noch in kroech wie, op in noch hiele oare ‘hoeke fan Terherne’. En de namme fan dy kroech wie wol hiel opmerkelik, hielendal as je sjogge nei de hjoeddeistige tiid.
We rinne basisskoalle Bloei oan de linkerkant foarby en stekke oer nei de herfoarme tsjerke. Gean mar troch it stek. En gean fuortendaliks rjochts ôf en oer it gers nei myn grêf. Ja, do sjochtst it goed. De earste stien rjochts, dat is myn lêste rêstplak. (No ja rêstplak, ik ha it der mar wer drok mei…)
Wolst wat foar my dwaan? Lêz dan eefkes mei folle omtinken myn lêste wink dy’t dêr skreaun stiet. Nim it eefkes goed yn dy op. “Tot in den eeuwigheid…” [En no freegje ik dy: wat soe dyn lêste winsk wêze foar de wrâld dytst efterlitst? En soe it dan ek wier sa barre tinkst? Tsja…. Ik haw leard dat allinnich de tiid dat antwurd hat.
Ik bin bliid dat ik dêr hjoed noch wat yn betsjutte kin. Dan sjogge je flak foar it tsjerkje it hûs mei de giele brievenbus. Gean foar dit hûs rjochts ôf, by de hage fan de tsjerke del, it smelle strjitsje yn. Nei it gielbrune hok stopje we eefkes. Do sjochst hjir in pear lytse âlde húskes stean. En âld binne se, want hjir fynst it earste stiennen hûs fan Terherne. Ek wol in stins neamd.
Hjirfoar gean we werom nei it jier 1500. It giet om dizze wente, Wat letter in groepke fan lytsere húskes wurde sil, wurdt yn earste bouwd as 1 grut hûs. Yn dit hûs sitte Roazewinkels, dat binne stienen dy’t op de boulokaasje sels bakt wurde. As we dêrnei in spronkje meitsje nei it jier 1750, sjogge we dat der in grutte ferbouwing geande is. Fan it grutte hûs wurde 4 lytske húskes en in bûthús makke. Yn in inkelt húske binne dizze roazewinkels noch hieltyd oanwêzich, yn in skoarstien, it orizjinele en bewarre riikkanaal fan de stins. De inisjatyfnimmers fan de bou fan de stins binne de Oenema’s, in famylje fan boereadel dy’t in soad ûnreplik guod hawwe yn dit hiele gebied.. Yn de lege Wâlden, fan Terherne oant oan De Jouwer hawwe sy it foar’t sizzen.
We rinne werom nei de dyk en slane op’e nij rjochts ôf by de giele brievenbus en rinne nei de Pastorij, de snackbar op’e hoeke.